Ids van der Ende partij

Sa at de measte leden wol witte sille is dat de Ids van der Ende partij al jierren op de keatslist stiet en is in dei om oan silger de heer Ids van der Ende te tinken, dyt sa folle foar kf Jacob Klaver betsjutten hat.

Soan Gosse, bernsbern Lyssa en Sander (oantrout) keatsten mei en dochter Liesbeth kaam lâns om har famyljeleden te oantreastgjen. De partoeren wiene ferdielt yn in A- en in B Klasse fan elk 4 partoer. Elk partoer koe sa trije kear keatse en it wie fantastyks keatswaar, PP tige tank. Om in oere as fiif koene de priizen al útrikt wurde en ek no hie Geart wer foar tige moaie priizen soarge, dat nei in lange neisit gong eltsenien foldien wer op hûs oan. Moai wie dat soan Gosse de krânse woun (it wie al mear as 15 jier tebek dat him dat, by in oare keatspartij, slagge is). Priiswinners: A-Klasse: 1e priis: Albert Tilma, Gosse van der Ende en Arjen Talsma. 2e priis: Jan Heida, Jennie Terpstra en Wisse Arendz. B-Klasse: 1e priis: Jurian Tolsma en Jouke Bonekamp. 2e priis: Jelle Terpstra en Reinder Bonekamp.

Geplaatst op 12 September 2016